Hoe makkest kontakt mei nijkommers? Snits wit hoe

25 sep 2017 - 16:29
Gearkomste yn de biblioteek Snits om boargers yn de kunde komme te litten mei nijkommers

Yn de biblioteek fan Snits is fan no sneintemidde ôf alle moannen in gearkomste fan Sneek Connect. Dat inisjatyf is bedoeld om Snitsers en nijkommers mei-inoar te ferbinen. Alle moannen op snein fan twa oere ôf is der in oar tema mei bypassende aktiviteiten.

Sneek Connect is ta stân kaam troch in gearwurking tusken de gemeente Súdwest-Fryslân, biblioteken, ynboargeringsskoallen, frijwilligersorganisaasjes en twa sosjaal ûndernimmers. Mei-inoar wolle se derfoar soargje dat nijkommers by de mienskip belutsen wurde.

Trefwurden: 
Snits Sneek Connect
(Advertinsje)
(Advertinsje)