FIDEO: Fryske deputearren tekenje Minority Safepack

De Fryske deputearren en Fryske leden fan it Europeesk Parlemint hawwe tiisdei it Minority Safepack yn Brussel tekene. Under oaren deputearre Sietske Poepjes, kommissaris fan de Kening Arno Brok en Europarlemintslid Jan Huitema wiene dêrby oanwêzich. Mei bûtenlânske kollega's ûndertekenen sy it inisjatyf online fia harren iPad. Tagelyk wie der yn Ljouwert by Tresoar in byienkomst yn it ramt fan it Minority Safepack.
It boargerinisjatyf hat as doel alle 50 miljoen minsken te beskermjen en te stypjen dy't in minderheidstaal prate. Inisjatyfnimmers Frank de Boer ropt alle Friezen op om dit thús ek te ûndertekenjen, sadat der mear jild nei lytse regionale talen giet. It inisjatyf moat safolle mooglik ûndertekeners hawwe om jildich wêze te kinnen. It hat op syn minst ien miljoen hantekens nedich. Yn Nederlân leit dy drompel op 19.500.
"Ek yn Nederlân kin it better rûn it Frysk, mar ast it fergelikest mei de posysje fan de minderheidstalen yn Italië of yn Roemenië, dêr giet it mâl", seit deputearre Poepjes. De oerheden dêr binne der poer op tsjin dat de minderheden in formele posysje krije en neffens Poepjes moat dat better regele wurde. "Dêrom binne wy as Friezen solidêr mei de oare minderheidstalen." Besjoch ek ús Europablog.