Boargerinisjatyf foar minderheidstalen yn Europa: 4 fragen

25 sep 2017 - 19:00

Yn de Europeeske Uny binne sa'n 50 miljoen minsken dy't in minderheidstaal prate. Om harren te beskermjen en stypjen is it Minority Safepack-inisjatyf ta stân kaam. "Tiisdei wurdt dat boargerinisjatyf tekene troch in tal pommeranten yn Brussel, mar wy roppe alle Friezen op om dit thús ek te ûndertekenjen", seit Frank de Boer, ien fan de inisjatyfnimmers fan it Minority Safepack by de FUEN.

Wat is it Minority Safepack?

"It Minority Safepack is in boargerinisjatyf nei de EU ta, útgeande fan de taalminderheidsorganisaasje FUEN (Federal Union of European Nationalities). It wurd minority betsjut minderheid. Safepack betsjut in sekerheidspakket om rjochten fan minderheden te fersekerjen. It motto fan de EU is 'in varietate concordia'- yn ferskaat ferbûn. It inisjatyf wol de EU oantrúnje om dit motto nei te stribjen, en har ferantwurding te nimmen tsjinoer har minderheden. Dat kin ôftwongen wurde mei in Europeesk boargerinisjatyf. Dit bart op tiisdei 26 septimber, as it wer Europeeske Taledei is."

Wêrom is dit wichtich foar my as Fries?

"Wy wolle mear omtinken foar regionaal ferskaat, sadat der net allinnich jild giet nei de grutte Europeeske talen, mar ek nei lytse, regionale talen. Ek moat ûnderwiis yn eigen taal en kultuer behâlden bliuwe. It boargerinisjatyf set dizze saken op de Europeeske aginda."

Hoefolle hantekens binne der nedich?

"It inisjatyf moat safolle mooglik ûndertekeners hawwe om jildich wêze te kinnen. It hat op syn minst ien miljoen hantekens nedich. Yn Nederlân leit dy drompel op 19.500. Dus wy roppe alle Friezen op dit te tekenjen, sadat wy dit oantal helje."

Wêr kin ik it boargerinisjatyf fine en tekenje?

"Hjir kinne minsken mear ynformaasje fine en it Minority Safepack ûndertekenje. Se hawwe dêrfoar de tiid oant begjin april 2018. Dan wurde alle hantekens sammele en oanbean oan it Europeesk Parlemint."

Tiisdei 26 septimber om 12.00 oere tekenje de Fryske deputearren en Fryske leden fan it Europeesk Parlemint it Minority Safepack yn Brussel. Tagelyk is fan 12.30 oant 13.30 oere in grutte manifestaasje by Tresoar yn Ljouwert, mei tal fan sprekkers en muzikale optredens. By Tresoar is foar eltsenien de mooglikheid om it inisjatyf te tekenjen.

(advertinsje)
(advertinsje)