Foarpriuwke LF2018: 250 haakte tekkens yn Den Haag

25 sep 2017 - 15:42

De inisjatyfnimmers fan 'De grutste haakte tekken fan de wrâld' lizze nije wike tiisdei 250 spreien dy't al klear binne op Het Plein yn Den Haag. Dat is flakby de Twadde Keamer. Den Haag kriget dêrmei in foarpriuwke fan wat in tekken fan 28 kante kilometer wurde moat, dy't takom jier te sjen wêze sil as Ljouwert kulturele haadstêd fan Europa is (LF2018). It inisjatyf is ûntstien yn Ljouwert, mar yntusken wurde rûnom yn Nederlân en ek dêrbûten lytse fjouwerkantsjes haakt dy't dêrnei oaninoar set wurde. Doel is om minsken mei-inoar te ferbinen en kleur en ferskaat sjen te litten. 

Yn Den Haag is nije wike ek de Haak-aan-caravan. Politisy en gewoane minsken kinne inoar dêr treffe en ferbining mei-inoar sykje, troch te haken en te praten. By de caravan kinne ek haakte tekkens ynlevere wurde.

(advertinsje)
(advertinsje)