Wêrom skaffe minsken in hûn oan?

25 sep 2017 - 15:37
Foto: Omrop Fryslân

Susan Ophorst fan hegeskoalle Van Hall Larenstein yn Ljouwert sil ûndersyk dwaan nei de ôfwagings fan minsken by de oanskaf fan in hûn. De NWO, de Nederlandse Organisatie voor Wetenschappelijk Onderzoek, betellet it promoasje-ûndersyk fan de dosinte. It giet om goed oardel ton.

Minsken tinke soms net goed nei as se in hûn oanskaffe en dat kin soargje foar gefaarlike situaasjes, bygelyks trochdat de hûnen agressyf binne en bite. Ek bart it dat hûnen sykten meibringe as se út lannen as Spanje en Grikelân komme. It ûndersyk rjochtet him op de fraach hoe't minsken beynfloede wurde kinne by it keapjen fan in hûn. Uteinlik moatte dêrmei saken as yllegale hûnehannel en bytynsidinten tsjingien wurde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)