Boalserter krijt wurkstraf foar kopstjit

© Omrop Fryslân, Joris Kalma
In 27-jierrige Boalserter is feroardiele ta in wurkstraf fan 80 oeren foar it útdielen fan in kopstjit. Hy moat syn slachtoffer boppedat in skeafergoeding fan 600 euro en 500 euro smertejild betelje. De man dielde yn de nacht fan 11 op 12 maart op de Dykstrjitte yn syn wenplak samar in kopstjit út. De man en syn slachtoffer hiene dêrfoar rúzje krigen yn in kafee en troffen mekoar letter op strjitte.
Ut it neat joech de Boalserter syn slachtoffer in kopstjit. It slachtoffer hie in bloednoas en rekke in tosk kwyt. De Boalserter wie boppedat yn it kafee, wylst hy in lokaalferbod hat en dêr oant juny kommend jier net komme mei.