De Fryske Marren ûndersiket lokale demokrasy

25 sep 2017 - 13:47

Gemeente De Fryske Marren sil mei njoggen oare gemeenten yn Nederlân ûndersyk dwaan nei de lokale demokrasy. De gemeente wol witte oft se klear is foar ynwenners dy't sels mei inisjativen komme, lykas ûndernimmers dy't plannen ha foar de toeristyske ûntwikkeling fan de Tsjûkemar.

Troch enkêtes dy't ynwenners ynfolje kinne, in belronde mei de boargers en petearen mei inisjatyfnimmers hopet de gemeente binnen in pear wiken in byld te krijen, seit D66-riedslid Jeannet Speelman.

(advertinsje)
(advertinsje)