Tûzenen fliertegeltsjes fan it Woudagemaal wurde opknapt

De tûzenen fliertegeltsjes fan it Woudagemaal op De Lemmer wurde op dit stuit ien foar ien loshelle, opknapt en weromlein. En dat komt hiel krekt. Fanwege de monumintale status fan it Woudagemaal moat de flier der itselde útsjen bliuwe as doe't er hûndert jier lyn lein waard. Dat betsjut dat elk tegeltsje wer op eksakt itselde plak dellein wurde moat. Alle tegels dy't loshelle wurde, krije dêrfoar in unyk nûmer om it plak op de flier oan te jaan.
It earste part fan de flier is twa jier lyn oanpakt en dizze simmer binne se úteinset mei it twadde part. It wurk hat in skoft stillein doe't it Woudagemaal draaie moast, mar as dat net wer bart, moat it wurk oer in pear wiken klear wêze.