Fryske transporteurs ride gewoan troch op Ingelân

25 sep 2017 - 13:42

Fryske transportbedriuwen dy't op Ingelân ride, gean dêr gewoan mei troch. Transportbedriuw Reining út Grinslân rydt foarearst net mear op Ingelân. It is neffens it bedriuw net mear fertroud om't de situaasje foar sjauffeur en materieel by Calais te gefaarlik is. Ferstekkelingen besykje geregeld mei geweld oan board te kommen fan de frachtweinen om sa nei Ingelân te kommen.

Transporteurs yn Fryslân ride oer it generaal mei tichte trailers fan aluminium. Dy binne minder ynteressant om't flechtlingen folle minder maklik oan board komme kinne as by trailers mei seil. Boppedat krije sjauffeurs de ynstruksje om yn ien kear troch te riden nei Calais, sadat der ûnderweis gjin minsken yn of op de weinen klimme kinne.

(Advertinsje)
(Advertinsje)