'De Hollânske 100' wurdt takom jier by Thialf riden

De Hollânske 100 wurdt yn 2018 riden op en by Thialf. De wedstriid bestiet út reedriden en fytsen. De fjirde edysje wurdt op It Hearrenfean hâlden en is op 18 maart takom jier. Doel is jild yn te sammeljen foar ûndersyk nei Lymfklierkanker.
Prins Bernhard van Oranje is oprjochter en foarsitter fan Lymph&Co. "Een unieke kans voor al onze De Hollandse 100-deelnemers om te schaatsen op het heilige ijs van Thialf en te fietsen door het prachtige Friese landschap." Thialf-direkteur Marc Winters is entûsjast. "Voor Thialf was het geen lastige keuze om partner te worden van de Hollandse 100. Het enthousiasme uit de schaatswereld had ons al bereikt. We zijn 'grutsk', dat wij gastheer mogen zijn van dit mooie event en zo ons maatschappelijke steentje kunnen bijdragen."
Yn 2017 wienen der 500 dielnimmers dy't mei elkoar goed 400.000 euro by elkoar brochten.
Der binne trije ûnderdielen:
- De Hollandse 100: 10 kilometer reedride en 90 kilometer fytse
- De Junioren 10: 10 kilometer reedride foar jeugd o/m 16 jier
- De Familie Estafette: binnen 1 oere safolle mooglik rûntsjes ride mei de famyje, it team, de klasse of freonen.
Dielnimmers moatte har sponsorje litte. De ynskriuwing is iepen en kin dien wurde op www.dehollandse100.nl.