Speak wint Dutch Health Hackathon 2017

© Stefan van den Driest, GGZ Friesland
Op de Dutch Health Hackathon ha tal fan programmeurs en designers it ôfrûne wykein yn Ljouwert ynnovative konsepten betocht foar Healthy Ageing FRL. It winnende konsept waard betocht troch ynternetburo Speak op It Hearrenfean. Se ha in ynnovative app ûntwikkele yn kombinaasje mei in activity tracker foar minsken mei begjinnende demintens en har neisten.
Healthy Ageing FRL is in platfoarm dêr't soarch, ûnderwiis en bedriuwslibben har krêften en kennis yn bondelje om ynnovaasjes te ûntwikkeljen sadat ynwenners fan Fryslân sûner âlder wurde. ‘Hackers’ wurken casussen út dy't oandroegen wienen troch Noorderbreedte, Patyna, Alliade, KwadrantGroep, De Friesland Zorgverzekeraar, ZuidOostZorg en Van Andel âldereinpsychiatry.
Oare prizen wienen foar in 'virtual reality snoezelkeamer' foar âlde minsken om stress te ferminderjen en de famylje-app 'Onvergetelijk' om ôfspraken te meitsjen wa't wannear by pake of beppe delgiet.