UPDATE: Brân boppe winkel yn sintrum Ljouwert ûnder kontrôle

De brânwacht hat de brân boppe in winkel yn de binnenstêd fan Ljouwert ûnder kontrôle. Wol moat der noch neiblust wurde. De brân bruts út yn in keuken op de souderferdjipping fan it monumintale winkelpân oan de Wurdumerdyk. Der wiene op dat momint gjin minsken yn it gebou.
De brânwacht wie mei meardere ienheden útriden om it fjoer te bestriden. De plysje rôp minsken op om de helptsjinsten de romte te jaan yn de binnenstêd. Ek moasten minsken ruten en doarren slute om't der in soad reek frijkaam by de brân.