Omwenners tinke mei oer oanpak De Skieding

25 sep 2017 - 11:54

Projektburo De Skieding iepenet tiisdei de doarren yn Houtigehage. It buro heart by de oanpak fan de besteande dyk de Skieding, dat is de dyk tusken Surhústerfean en de A7. De provinsje wol dat de maatregels mei omwenners en belanghawwenden yn kaart brocht wurde. Projektmeiwurkers lûke de kommende tiid it gebiet yn om sa winsken en ideeën te sammeljen. De senario's dy't dan ûntsteane, wurde takom jier foarlein oan Provinsjale Steaten.

It tydlike projektburo sit oan de rotonde by de Drachtsterweg, oan De Skieding. Omwenners en belangstellenden kinne der op tiisdei, woansdei en tongersdei telâne. Se kinne ideeën ynbringe om de feilichheid en leefberens yn de wenomjouwing te ferbetterjen.

Trefwurden: 
De Skieding projektburo
(Advertinsje)
(Advertinsje)