Ruters helje 13.000 euro op foar Ronald McDonaldhuzen

25 sep 2017 - 11:16

In groep fan 17 ruters fan de Nederlandse Ruiter Sport Vereniging ha mei in rit tusken Zwolle en Beetstersweach 13.000 euro ynsammele foar it fakânsjehûs De Hoeve fan it Ronald McDonaldfûns yn Beetstersweach en it Ronald McDonaldhûs yn Zwolle. It jild is snein yn Beetstersweach oerdroegen oan it Ronald McDonald bernefûns. Yn De Hoeve wurde mei it jild de boartersmooglikheden foar bern útwreide.

(Advertinsje)
(Advertinsje)