Basisskoalle yn Snits ûntromme fanwege brânmelding

25 sep 2017 - 09:49
Foto: BTBfotografie

Basisskoalle Master Sperkhem yn Snits is moandeitemoarn koart ûntromme fanwege in brânmelding. De bern wiene krekt yn it skoalgebou oan de Earste Woudstrjitte, doe't der in brânlucht yn it gebou te rûken wie. De bern moasten nei bûten en de brânwacht waard belle. Dy hat it gebou ynspektearre, mar koe neat fine. Dêrnei koene de skoalbern wer nei binnen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)