Kollum: "Eye opener"

25 sep 2017 - 08:30

"It giet goed mei de huzemerk en dat fernimme wy yn Aldegea ek. In pear wike nei’t der in Te Keap-boerd yn de tún stiet, is it hûs al wer ferkocht. Soms is de nije bewenner in Aldegeaster, mar like faak binne it keapers fan bûten ús doarp. En dus krije wy hiel wat nije gesichten yn Aldegea.

Trije wike lyn spruts ik tafallich mei in frou dy’t hjir te wenjen kaam wie. ‘Ja’, sei se doe’t ik frege wêrom’t it Aldegea wurden wie, ‘dit is sa’n aktyf doarpke. Hjir is it noait saai.’ Ik seach har oan en tocht earst dat se in grapke makke. Dus ik antwurde wat gekskearend: ‘Nee, inderdaad. Amsterdam is der neat by.’ Mar se blykte bloedserieus. ‘Ik kin hast elk wykein wol ergens hinne’, sei se. ‘Sjoch mar ris yn de Bakbrogge.’

Dus ik thús ús doarpskrante der by. En se hie gelyk. Hast elk wykein is der wol in aktiviteit. Sa hiene wy koartlyn de Alle om Slachte Kuier. Trije wike lyn wie it Maisstro Konsert. De wike dêrnei koest meidwaan oan de Kulinêre Kuier, ôfrûne wykein wie it Burendag en no sneon ha wy in Bierfest. Mei oare wurden; hoechst dy gjin momint te ferfelen.

No is Aldegea fansels lang net it iennige doarp dat sa aktyf is. Lêstendeis wie ik yn Sint-Nyk by de Allegorische Optocht. Aldermachtichst, wat in megafeest is dat. Ik ha mei grutte ferbjustering nei alle kreaasjes sjoen. It is net te leauwen dat in doarpke mei noch gjin 3400 ynwenners alle jierren wer sa’n prachtige optocht foar inoar krijt.

Wa’t krekt as my noch nea by de Allegorische Optocht west hat, efkes in lytse ympresje. By in Allegorische Optocht is der gjin tema. Dielnimmers meie sels bepale hokker ûnderwerp se kieze. En yn stee fan biersûpweinen mei grutte lûdsboksen dêr’t knetterhurde hardcore út dreunt, moat de muzyk yn Sint-Nyk funksjoneel wêze, dus ûnderdiel fan it tema. En ta beslút sitte de bern en folwoeksenen net stil op de wein, mar spylje se in toanielstik. Yn plak fan te swaaien nei heit, mem, pake en beppe sitte se ûnfersteurber yn harren rol as kabouter, útfiner of gemeentewurker.

Sa’n 12.000 besikers komme alle jierren nei Sint-Nyk om dit spektakel te besjen. Der sitte weinen by dy’t sa profesjoneel boud binne dat se muoiteleas yn in Walt Disney film of musical fan Joop van de Ende meidwaan kinne. De winner dit jier wie de Lion King, dêr’t de oanklaaiïng yn neat ûnder die foar dy fan de offisjele musical dy’t op dit stuit wer yn it Circus Theater yn Scheveningen te sjen is. Sjiraffen, liuwen en hyena’s, it wie beestachtich hoe moai alle kostúms makke wienen.

Dat it trouwens net altyd grut, grutter, grutst hoecht, learde ik yn Skarsterbrêge. Dêr wenje sa’n 800 minsken en toch is der alle jierren in doarpsfeest. Dit jier wie ús dweilorkest útnûge om mei te rinnen yn de optocht. Troch de organisaasje waarden we moarnsbetiid ûntfong mei in lekker bakje kofje. 'Ha jim hjir alle jierren in doarpsfeest?' fregen wy nijsgjirrich. 'Hoe krije jim dat yn sa'n lyts doarpke foar inoar mei al dy weinen?' De frou fan de kofje gniisde. Doe’t it safier wie om op te stellen foar de optocht, snapte ik wêrom.

Yn plak fan in optocht mei fersierde weinen, koe elkenien yn Skarsterbrêge meidwaan op de fyts, in fersierde skelter, in oppimpte scootmobyl of gewoan rinnend of op rolskaatsen. Gjin ronkjende trekkers, grutte weinen of knetterlûde muzyk; nee, gewoan lytsskalich. It resultaat wie in fleurige optocht foar jong en âld. Sels pakes en beppes kuieren mei.

Lyts, grut, yn in dei klear of it hiele jier yn it spier; hjir yn Fryslân litte we as doarpen sjen datst foar in moai wykein ferdivedaasje net nei Amsterdam hoechst. Alle wykeinen is der wol wat te dwaan. Ast it mar sjen wolst. En sels foar in doarpsfamke dat al jierren yn itselde doarp wennet is sa’n eye opener sa no en dan wolris goed."

(Advertinsje)
(Advertinsje)