Earste edysje Art Noord lûkt 2.500 besikers nei Belvédère

De organisaasje fan Art Noord sjocht foldien werom op de earste edysje fan de keunstbeurs yn Museum Belvédère op It Hearrenfean. De beurs waard de ôfrûne fjouwer dagen holden en luts sa'n 2.500 besikers út it hiele lân. Troch it súkses fan de beurs wol de organisaasje dat der in ferfolch komt op Art Noord. Wannear en yn hokker foarm is noch net bekend.
Direkteur-konservator Han Steenbruggen fan Museum Belvédère: "Als je het hebt over een jaarlijks evenement, dan zou de volgende editie plaatsvinden in 2018, het jaar van de Kulturele Hoofdstad. Kunst uit het noorden kan binnen het bestaande programma nog wel wat zichtbaarheid gebruiken, dus dat zou een mooie gelegenheid zijn voor een vervolg."
Oan Art Noord diene trettjin galeryen mei. Acht út Fryslân, fjouwer út Grinslân en ien út Drinte. Dêrnjonken wiene der ek solopresintaasjes te sjen fan ferskate keunstners en fotografen.