Problemen mei webside Slachtemarathon binne foarby

De problemen mei de webside fan de Slachtemarathon binne foarby. Freonen fan de Slachtemarathon koene snein wer gewoan kaarten bestelle, nei in lytse oanpassing oan de server. Sneon wiene der noch problemen mei de webside, om't der tefolle minsken tagelyk kaarten besochten te bestellen.
Ek de kommende wike kinne de freonen noch kaarten bestelle. Sneontemoarn om 6.00 oere meie ek alle oaren kaarten bestelle.
Neffens de organisaasje binne der oant no ta ûngefear 1.400 kaarten ferkocht. Yn totaal binne der 10.000 kaarten beskikber foar de Slachte fan 2018. Dit wurdt in spesjale edysje. Hy duorret twa dagen en is yn totaal 91 kilometer lang. It giet om in ekstra edysje yn it ramt fan Ljouwert-Fryslân 2018.