UPDATE: Utslaande brân yn Kollumersweach

24 sep 2017 - 17:54
Foto: De Vries Media

De brânwacht is sneintemiddei om healwei seizen útriden foar in útslaande brân yn hok yn Kollumersweach. Meardere weinen wiene teplak om foar te kommen dat it njonkenlizzende wenhûs ek útbrânde. Om 18.20 oere waard it sein brân master jûn. It hok is folslein ferlern gien, de efterside fan it hûs hat ek koart yn brân stien.

It is noch ûndúdlik hoe't de brân ûntstien is en oft der minsken ferwûne rekke binne.

Trefwurden: 
brân Kollumersweach
(Advertinsje)
(Advertinsje)