Winst foar Snits Wyt Swart, VV Hearrenfean ferliest

Snits Wyt Swart © awfoto.nl
Snits Wyt Swart hat sneintemiddei yn de haadklasse A thús wûn fan Purmersteijn. Op eigen fjild waard it 3-1 foar de Snitsers. De besikers kamen yn de iepeningsfaze op foarsprong, mar Kevin Huitema makke yn de 27e minút de lykmakker. Beide ploegen giene mei in 1-1 stân it skoft yn. Yn de twadde helte rûn Snits út nei 3-1 troch twa doelpunten fan Gerben Visser.
VV Hearrenfean spile snein ek. De Feansters giene op besite by Alphense Boys. Dêr waard ferlern mei 3-0. Al nei tweintich minuten stie Hearrenfean mei 2-0 efter. Yn de twadde helte waard it ek noch 3-0 foar Alphense Boys.