Stiennen beskeadigje auto's op Heak om Ljouwert

24 sep 2017 - 15:53
Foto: ANP XTRA

Meardere auto's binne sneontejûn op de Heak om Ljouwert swier beskeadige rekke trochdat der stiennen op de rydbaan leine. De ANWB moast fjouwer auto's fuortslepe en twa auto's binne troch de ferkearstsjinst op wei holpen. De plysje is op syk nei de dieder(s) en freget tsjûgen harren te melden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)