Fakbûnsfoarsitter Piet Fortuin: "Leanen moatte echt omheech"

24 sep 2017 - 14:01
  • Piet Fortuin yn it nijsfoarum fan Buro de Vries

De leanen fan wurknimmers moatte no echt omheech. Dat  seit Piet Fortuin, lanlik foarsitter fan CNV Vakmensen. Yn it programma Buro de Vries fan de Omrop sei de Drachtster dat de romte foar likernôch 3,5% mear lean der hast oeral wol is. "Benammen de grutte bedriuwen brûke it jild no foar de oandielhâlders. It wurdt tiid dat de wurknimmers profitearje fan de better ekonomy." Fortuin is mei syn pleit 'yn goed selskip', want ek premier Rutte sjocht dy romte.

Minister Dijsselbloem fan Finânsjen rôp wurknimmers dizze wike sels op om manmachtich lid fan in fakbûn te wurden om dy leaneask krêft by te setten. Syn oprop hat der lykwols noch net foar soarge dat it no nije leden 'reint', fertelt Piet Fortuin.

Trefwurden: 
Piet Fortuin lean
(advertinsje)