Referindum Kataloanië soarget foar twaspalt yn famyljes

Der is in soad ûnderhûdske spanning yn Kataloanië op it stuit. It oankundige referindum oer ûnôfhinklikheid soarget foar twaspjalt yn freonegroepen en sels yn famyljes. Dat seit Merijn Bouma, touroperator yn Barcelona. In oantal jierren ferlyn ferhuze er foar de leafde út Fryslân wei nei Spanje. Hy nimt no toeristen mei op ûntdekkingstocht troch de stêd.
It regear fan Kataloanië wol takom wike it referindum oer ûnôfhinklikheid hâlde. It sintrale regear yn Spanje is dêr fûl op tsjin. De Spaanske plysje hat it foech oer de Katalaanske aginten oernaam. Ek binne fiiftûzen plysjes út de rest fan it lân ynflein om ynset te wurden. Dy binne ûnderbrocht op cruiseskippen yn de grutte havenstêden lykas Barcelona en Tarragona.
Toeristen fernimme der neat fan, sa seit Bouma. "Ik fyts om mei minsken, wylst der twa strjitten fierderop 40.000 minsken oan it demonstrearjen binne. Omt it in grutte stêd is, kinne jo as toerist frijút oer strjitte sûnder dat jo witte dat der wat geande is." Under de ynwenners fan de stêd en Kataloanië sels is de spanning al fielber. "Jo moat oppasse wat jo sizze yn whatsapp-groepen. It is in ûnderwerp dat hiel gefoelich leit. Eltsenien hat der wer in oare miening oer. Sels binnen familjes tinke se der oars oer."
De hâlding fan it sintrale regear yn Spanje wurket ek net mei oan in goede ferstânhâlding. Ferline wike waarden tolve Katalaanske regearingsfunksjonarissen oppakt. Ek naam de Spaanske plysje 45.000 brieven yn beslach dy't nei de Katalanen stjoerd wurde soene om boargers op de hichte te bringen fan it referindum op snein 1 oktober. "Dat soarget foar in soad argewaasje hjir", seit Merijn Bouma. "Wy libje yn in lân mei in demokrasy. Dan ferwachtsje jo net dat der samar minsken oppakt wurde. It wurket ek de ekstremisten yn de hân."
In mearderheid fan de Katalanen is it wol iens mei it hâlden fan it referindum. It is lykwols de fraach oft it takom wike trochgiet.