Fryske sportferieningen: sûnens net altyd wichtich tema

25 sep 2017 - 06:01

By in protte Fryske sportferieningen liket sûnens net in wichtich tema te wêzen. Dat docht bliken út in enkête dy't hâlden is troch de NOS en de regionale omroppen. Fan Fryske sportferieningen hawwe 143 leden oan de hân fan de tema's: smoken, sûn iten en alkohol in ynsjoch jûn yn 'de sûnens fan harren sportklup'. Yn trijekwart fan de gefallen giet it om fuotbalferienings.

Smoken by it fjild

By de measte Fryske sportferieningen mei by it fjild in sigaret opstutsen wurde. Trijekwart fan de respondinten joech oan dat soks bart by harren feriening. Yn in reaksje liet in respondint witte it dêr net mei iens te wêzen: "Roken zou verboden moeten worden op het gehele complex. Het hoort niet bij een sportieve omgeving." Yn de kantines binne de regels stranger. Dêr mei mar yn 5 % fan de gefallen smookt wurde.

Te min sûn iten

Fierders liket it gebrek oan sûn iten yn sportkantines lanlik en ek yn Fryslân in probleem te wêzen. Hast trijekwart fan de Friezen dy't de enkête ynfolle hat, jout oan gjin sûn iten te hawwen yn de eigen kantine. En as it oan de ferienigingsleden leit, komt dêr feroaring yn. "Er is meer aandacht voor gezond voedsel nodig. Dit kunnen we combineren met streekproducten en duurzaam/biologisch voedsel", jout in respondint oan. De rest fan de dielnimmers jouwe oan wol in sûne hap ite te kinnen. It populêrste by dy ferieningen is it 'broodje gezond'.

Alkoholbelied

"Soms lijkt het bij de senioren meer om de alcohol te gaan, dan om de sportieve prestatie", jout in respondint oan. Mar dat probleem is net fuortendaliks werom te sjen yn de enkête. Ien op de fiif Fryske respondinten jout oan dat leden fan harren sportferieningen alkohol nuttigje meie by sportwedstriden. De trije Noardlike provinsjes hawwe in strang alkoholbelied.. By mar de helte fan alle ferieningen jildt in alkoholferbod by de sportfjilden.

Wol of net tefreden oer sûnensbelied

Ien tredde fan de minsken dy't yn de enkête harren miening jouwe oer it sûnensbelied fan de feriening, is it dêr net mei iens. "Roken moet beperkt worden tot één onaantrekkelijke rookplek die niet bij de ingang van de kantine ligt", jout ien respondint oan. Dêrneist wurde mear sûne snacks, sûne drankjes en allinnich alkohol ferkeapje yn de kantine as oplossingen jûn.

Weerstand

"Er is weerstand bij de verenigingen tegen een gezondere kantine merken we" seit Lammert Bosma fan Sport Fryslân. "Ze zijn bang dat ze minder inkomsten krijgen en en dat het werken met verse producten meer tijd kost. Er is een cultuuromslag nodig, maar dat gaat stapje voor stapje. De gehaktbal en dat biertje kunnen echt wel blijven, maar zorg ook voor een gezond alternatief. Sommige clubs zetten water en fruit neer voor de kinderen." Fan de 600 ferieningen binne sa'n 40 registrearre as sûne kantine. "Dat kunnen er best meer zijn, want niet iedereen heeft zich aangemeld. Wat in ieder geval niet meer kan, is roken in de kantine en alcohol drinken op het veld."

(Advertinsje)
(Advertinsje)