Smoardronken snorfytser mei acht oeren net ride

24 sep 2017 - 11:26
Alkoholkontrôle (argyffoto) - Foto: Omrop Fryslân

De plysje hat yn de nacht fan sneon op snein yn Ljouwert in snorfytser oanhâlden dy't tefolle dronken hie. De 43-jierrige Ljouwerter ried op de Ereprijs yn de Ljouwerter wyk Aldlân. Op it plysjeburo die út in blaastest bliken dat er safolle dronken hie dat er acht oeren net mear ride mocht. It rydbewiis fan de snorfytser wie ek ûnjildich en boppedat is er faker pakt mei drank op.

Op de Wijnhorsterstrjitte waard sneontejûn in automobliste oanhâlden mei tefolle drank op. De 59-jierrige frou moast har rydbewis ynleverje.

Trefwurden: 
snorfytser dronken alkohol
(Advertinsje)
(Advertinsje)