Man út De Harkema omkaam by ûngelok yn Drinte

By in ferkearsûngelok op de N381 by Westerbork is yn de nacht fan sneon op snein in 24-jierrige Harkyt om it libben kaam. De man botste mei syn auto frontaal op in oare auto dy't him yn 'e mjitte kaam. Yn dy auto sieten fjouwer persoanen Sy rekken alle fjouwer ferwûne. Se binne nei ferskate sikehuzen brocht.
It ûngelok is nei alle gedachten ûntstien trochdat de man út De Harkema op de linker helte fan de dyk ried. De oare bestjoerder, in 60-jierrige man út Hoogersmilde, koe net mear om de auto fan de Harkemaster hinne. De trije ynsittenden komme ek út Hoogersmilde.