Fryske arsjitekt projektearret keunst op muorren yn Sina

De fan oarsprong Fryske arsjitekt Wopke T. Schaafstal bringt yn Sina keunst by de minsken. Omrindend yn in oranje túktúk sil er moandei keunst op muorren projektearje mei in beamer. Schaafstal komt fan Stiens. Hy hat yn Delft arsjitektuer studearre. No wennet er sûnt 2010 yn de Sineekse haadstêd Beiijing. Syn projekt Great Walls is ûnderdiel fan de Beijing Design Week en it wurdt sponsorre troch de Nederlânske ambassade. De Fryske arsjitekt wol mei syn projeksjes iop muorren in brêge slaan tusken keunst en boarger.
Schaafstal wurket yn Beijing as selsstannich arsjitekt.Hy hâldt him ek dwaande mei keunst yn de iepenbiere romte. Dat is der net safolle yn Sina. Schaafstal woe earst muorreskilderingen meitsje, mar dat dêrfoar moat oerlein wurde en is tastimming nedich. De keunst dy´t er projektearret op de muorren hat er sammele troch middel fan in ynternasjonele wedstriid.