Mislearre oerfal op bus yn Nijlân, plysje siket tsjûgen

24 sep 2017 - 07:41

De plysje docht in oprop foar tsjûgen fan in mislearre oerfal op in bus yn Nijlân. It giet om bus 199 fan Harns nei It Hearrenfean. De oerfal wie sneontejûn tsjin healwei tolven.

Socht wurde ûnder oare twa froulju dy't yn de bus sieten. De plysje soe graach mei harren prate oer it ynsidint en dêrom wurde sy oproppen om kontakt op te nimmen.

Trefwurden: 
mislearre oerfal Nijlân
(advertinsje)
(advertinsje)