Motors race nei Hurdegaryp: rydbewiis ynnaam

24 sep 2017 - 07:32
Foto: ANP

Twa motorriders binne sneontejûn trappearre op fierste hurd riden. De plysje seach harren tsjin healwei achten op de Grinzerstrjitwei by Hurdegaryp riden. Dêr is 100 kilometer yn de oere it maksimum, wylst sy 187 rieden.

De beide motorriders moasten harren rydbewizen ynleverje. It giet om in 26-jierrige bestjoerder út de gemeente Dongeradiel en in 25-jierrige út Achtkarspelen. Der wurdt ek noch in proses-ferbaal tsjin harren opmakke.

Trefwurden: 
motor
(advertinsje)
(advertinsje)