UPDATE: Warskôging foar ferkear: tichte mist

24 sep 2017 - 07:21
Foto: ANP

Ferkear op Skylge moat rekkening hâlde mei gefaarlike omstannichheden yn ferbân mei tige tichte mist. Dat meldt Weeronline. Mist mei sicht minder as 200 meter komt yn hiel Nederlân foar. De dize wurdt hieltyd tichter. Dêrby kin it sicht binnen in pear kilometer fan 20 kilometer nei minder as 100 meter gean. Yn Eelde (Drinte) wie it sicht sneintemoarn om healwei achten net mear as 18 meter. Fierders komt der ek tichte mist foar mei sicht minder as 50 meter op de Veluwe, yn Limboarch en yn dielen fan Noard-Hollân. It KNMI hat foar Fryslân koade giel ôfkundige.

De mist bliuwt lang hingjen. Geandewei de moarn sil it pas oplosse. Dêrnei wurdt it moai neisimmerwaar. Der stiet net folle wyn en mei de sinne derby wurdt it 17 oant 22 graden. Yn de nacht fan snein op moandei is der wer kâns op tichte mist.

Trefwurden: 
mist
(Advertinsje)
(Advertinsje)