PvdA Ljouwert yn de bres foar iepenbiere húskes foar froulju

23 sep 2017 - 21:38
Foto: ANP

Der moatte mear en bettere iepenbiere toiletten foar froulju komme yn Ljouwert. Dat fynt de fraksje fan de PvdA yn dy stêd. Neffens de PvdA binne der op dit stuit yn Ljouwert foar sawol manlju as froulju net foldwaande mooglikheden nei it húske te gean. Foar manlju binne der wol in oantal urinoirs, mar foar froulju is der kwalik mooglikheid nei it húske te gean.

Boppedat is der yn de stêd oerlêst troch it wyldpisjen fan manlju. Dit moat ôfrûn wêze, sa fynt de partij. Se wolle dat der mear toiletten komme dy't 24 oeren deis iepen binne, feilich binne en foar beide geslachten geskikt binne.

(advertinsje)
(advertinsje)