Famylje mei hûntsje fan boat rêden yn de Linde by Blesdike

23 sep 2017 - 21:15

De brânwacht fan Wolvegea hat sneontejûn de opfarrenden fan in boatsje út de rivier de Linde by Blesdike rêden. Twa manlju, in frou en in hûn wiene mei harren boat fêstrûn yn it wetter en koene gjin kant op. It spesjale wetterrêdingsteam fan de brânwacht hat it boatsje los lutsen en de minsken en it hûntsje oan wâl brocht.

De opfarrenden binne mei de skrik frijkaam, der rekke nimmen ferwûne.

Trefwurden: 
Blesdike Linde brânwacht
(advertinsje)
(advertinsje)