SC Hearrenfean set Willem II oan 'e kant

Sportklup Hearrenfean hat syn ûnfersleine status fan dit seizoen yn de earedifyzje trochset. Op besite by Willem II yn Tilburg wûn de ploech fan trainer Jurgen Streppel sneontejûn mei 2-1. De doelpunten kamen op namme fan Stijn Schaars en Yuki Kobayashi. It is al de fjirde winst op rige foar de Feansters yn de earedifyzje.
Hearrenfean like fuort de lieding yn it duel te pakken nei in betide goal fan Reza Ghoochannejhad. De goal fan de oanfaller waard lykwols ôfkard om't er in oertrêding makke hie. De Feansters wiene better, mar út it neat makke Willem II dêrnei wól in doelpunt. Elmo Lieftink skode in foarset fan Freek Heerkens binnen by de twadde peal: 1-0. Hearrenfean bleau de boppelizzende partij en dat betelle him yn de lêste minút fan de earste helte út yn de fertsjinne lykmakker. Stijn Schaars skeat in fraaie frije traap binnen: 1-1.
Yn de twadde helte krigen de Feansters direkt in goede kâns. Denzel Dumfries joech foar op Reza, mar syn kopbal gie der net yn. Yuki Kobayashi soarge mei in ôfstânsskot dochs foar de fertsjinne 2-1 foarsprong foar Hearrenfean. De besikers setten dêrnei noch oan, mar der waard net mear skoard.
Boppe-oan yn de stân
Troch de oerwinning hat SC Hearrenfean no 14 punten út seis duels en stiet (foar efkes) op it earste plak yn de earedifyzje. Troch it ferrassende ferlies fan Feyenoord tsjin NAC Breda, stiet Hearrenfean yn elts gefal oant sneintemiddei earste yn de stân.