Pasveerkorps krijt finansjele bydrage foar nij unifoarm

It Pasveerkorps út Ljouwert krijt in finansjele bydrage fan de gemeente. Oanlieding is it beheljen fan it wrâldkampioenskip Wrâld Muzyk Konkoers 2017 yn Kerkrade. It jild is bestimd foar in nij unifoarm. Boargemaster Ferd Crone ûntfong it Pasveerkorps sneontemiddei op it stedhûs yn Ljouwert. De leden fan it korps krigen dêr in herinneringsmedalje as oantinken oan it winnen fan it wrâldkampioenskip.