Stifting Warnsbetinking hat noed oer de takomst

23 sep 2017 - 17:19

De stifting fan de Warnsbetinking makket him soargen oer de takomst. Tom Dijkstra is al jierren foarsitter fan de stifting 'Slach by Warns' en it slagget it bestjoer net om jongere minsken aktyf te krijen. Sneon fûn de betinking plak op it Reaklif. It tema fan dit jier wie: 'Hoe sjogge de Nije en de Alde Friezen inoar?'

Om de betinking in jonger karakter te jaan wie bestjoerslid Martinus Jellema deifoarsitter yn stee fan Tom Dijkstra. Jellema is 60 jier en dêrmei jonger as Dijkstra. Nettsjinsteande it tekoart oan aktive jonge minsken, ferwachtet Jellema net dat de betinking der oer in pear jier net mear is: "Sûnt 1600 wurdt al sein dat it Frysk efterút giet, mar it is nea sa hurd gong as de wittenskippers melde."

Frysk berneprogramma

Neffens Jellema soe it moai wêze as der in programma as 'Sesamstraat' op Omrop Fryslân útstjoerd wurdt wêryn't bern Frysk hearre. "Bear Boeloe is net genôch, dat is mar fiif minuten. It moat in programma wêze fan in healoere", seit Jellema.

Trefwurden: 
Warns Slach by Warns
(Advertinsje)
(Advertinsje)