ONS Snits ferliest fan Scheveningen en bliuwt lêste

ONS Snits moat noch altyd wachtsje op syn earste oerwinning fan it seizoen yn de tredde difyzje. De ploech fan trainer Chris de Wagt ferlear sneontemiddei op eigen fjild mei 3-1 fan Scheveningen.
Yn de iepeningsfaze kamen Serge Fatima en Tim Oosterbaan hurd mei-elkoar yn botsing. Oosterbaan moast mei in holleblessuere fan it fjild. Healerwege de earste helte iepene Fatima de skoare foar Snits, mar lang koe de thúsploech dêr net fan genietsje. Binnen in pear minuten stie it al 1-1 troch in doelpunt fan Samir el Moussaoui.
ONS krige yn de twadde helte ferskate kânsen fia Iloba Achuna en Ale de Boer, mar it wie Scheveningen dat skoarde. Robert Steemers makke de 2-1 foar de besikers en Tim Peters de 3-1. Yn de slotfaze krige Frits Dantuma fan ONS ek noch in reade kaart.
Troch it ferlies bliuwt ONS op it lêste plak stean yn de tredde difyzje.