Harkemase Boys wint fan Magreb '90

23 sep 2017 - 16:32

Harkemase Boys hat sneontemiddei trije punten pakt yn Utrecht. De Harkiten wûnen mei 2-0 fan Magreb '90. Mei tank oan doelpunten fan Tom Boezerooy en Yannick Kaluzi gie de ploech fan trainer Henk Herder mei de winst werom yn de bus nei hûs.

Harkemase Boys, de nûmer 12 fan de tredde difyzje, begûn goed oan it duel mei Magreb '90, de nûmer 14. Al nei seis minuten benutte Boezerooy in kâns, mar it doelpunt waard ôfkard fanwegen bûtenspul. Nei tolve minuten wie it wol raak, doe't opnij Boezerooy de 1-0 binnen tikke.

Yn de twadde helte krige Omar el Ghazouani fan Magreb '90 in reade kaart nei't er Boezerooy delhelle. It fjildoerwicht soarge foar mear kânsen by de Harkiten. Berwout Beimers like de 2-0 te skoaren, mar opnij waard in Fryske goal ôfkard. Krekt foar tiid wie it dochs raak foar de Boys. Ynfaller Yannick Kaluzi skoarde nei in kombinaasje mei Kevin Mennega de 2-0.

Harkemase Boys hat no 7 punten út fiif wedstriden.

Trefwurden: 
fuotbal Harkemase Boys
(Advertinsje)
(Advertinsje)