Fytser ferwûne nei oanriding yn Wynjewâld

23 sep 2017 - 16:12
In fytser rekke ferwûne nei in oanriding oan de Compagnonsfeart by Wynjewâld - Foto: Srfotografie

Op de Compagnonsfeart yn Wynjewâld is sneontemiddei in fytser ferwûne rekke. In automobilist ried de oprit fan in wenning ôf en seach de fytser oer de holle. In botsing wie it gefolch. De fytser hie ferskate ferwûningen en is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. Der wie ek in traumahelikopter oproppen, mar dy hoegde fierder net yn aksje te kommen.

Trefwurden: 
Wynjewâld oanriding ferwûne
(Advertinsje)
(Advertinsje)