UPDATE: Auto ramt moskee op It Hearrenfean

23 sep 2017 - 15:36

In 30-jierrige automobilist fan It Hearrenfean is sneontemiddei per ûngelok tsjin de moskee yn de Hesselsstrjitte op It Hearrenfean botst. Op dat stuit wiene der minsken yn de moskee oanwêzich. Sy binne mei de skrik frijkommen. De bestjoerder rekke ferwûne en is mei in ambulânse nei it sikehûs brocht.

De moskee is flink skansearre. Der sit in grut gat yn ien fan de muorren. De auto is total loss. Hoe't it ûngelok barre koe, is noch ûndúdlik. Nei alle gedachten is de man net goed wurden ûnder it riden.

De plysje is dwaande mei spoare-ûndersyk.

(Advertinsje)
(Advertinsje)