Omrop TIP: Mirka Antolovic as nije direkteur fan Tûmba

23 sep 2017 - 16:00

Om de opleine besuniging te heljen, is direkteur Brenda Ottjens fan Tûmba frijwillich opstapt. Dat seit de nije direkteur, Mirka Antolovic, dy't op 1 novimber begjint en al yn tsjinst wie by Tûmba. Mei ien persoan minder op de leanlist binne de besunigingen helle en kin Tûmba fierder. Tûmba is it kennissintrum tsjin diskriminaasje. Tûmba is de provinsjale subsydzje kwytrekke en moast flink besunigje.

Dochs seit Antolovic dat de organisaasje finansjeel sûn is. Neffens har is dat te tankjen oan Ottjens, dy't de besunigingen hiel tûk trochfierd hat. Gemeenten en skoallen sille wol ta de bûse moatte, seit Antolovic. Sy ferwachtet dat sy in protte enerzjy stekke moat yn it losweakjen fan jild. Mirka Antolovic is yn de jierren '90 nei ús lân ta kaam. Mei har mem is se flechte út Bosnië.

Snein yn it programma Buro de Vries in langer ynterview mei Mirka Antolovic.

(Advertinsje)
(Advertinsje)