Op syk nei de geheimen fan it Fryske gers

24 sep 2017 - 08:00

Gers is altyd griener by de buorlju. Of dochs net? Sa’n 70 prosint fan ús provinsje bestiet út greide en dy liket hieltyd mear ûnderwerp fan diskusje. Wurden as ‘lânskipspine’ en ‘griene woestyn’ wurde brûkt om de ferearming fan de lânbougrûn te beskriuwen. Boargers bekritisearje de yntinsive bedriuwsfiering fan de boeren dy’t de greide ta in keal biljertlekken makket. Wylst de boeren ôfhinklik binne fan de molkfabriken, dêr’t noch gjin tuskenwei is tusken yntinsyf en biologysk. Yn it trijelûk ‘Blau de himel, grien it gers’, is der omtinken foar alle aspekten fan gers. Wêr komt it wei? En wat is de takomst? Fiif fragen oan Bart Kingma, de makker fan de dokumintêre.

Werom no krekt gers as ûnderwerp fan in trijelûk?
“Gers is eins in metafoar foar in grutter fenomeen, nammentlik de saneamde lânskipspine. It is ûnderwerp fan diskusje tusken boargers en boeren. It giet oer duorsumens, miljeu en estetyk. Wat fine we moai, wat wolle we sjen yn de greide. Mar wy, as gewoane boargers witte eins neat fan gers. Ja, we witte dat je it meane moatte en dat de kij der fan frette, mar dan hâldt it wol op. En dat wylst de diskusje oer it lânskip fierd wurdt oer de rêch fan gers.”

We krije dus gjin groeiend gers te sjen?
“Nee, dat wis net. We wolle sjen litte wat de skiednis fan gers is, wêr’t we no stean op it gebiet fan de ynrjochting fan it lânskip yn de agraryske sektor en wat de takomst bringe sil. We prate mei in produsint fan gerssied, hawwe in deade ko iepen helle om te sjen hoe kij gers ferwurkje en fansels prate we mei boeren oer hoe belangryk gers foar harren is.”

Wer befine we ús no op gersgebiet?
“No we sitte no wol op in djiptepunt. De greide mei fûgels en blommen binne no natuergebieten. De lânskipspine dy’t de boarger hat is net ûnterjochte. Mar der is ek in positivere kant. Der binne mear en mear boeren dy’t wol in omslach meitsje wolle. Net daliks biologysk, mar in middenwei tusken yntinsive en biologyske melkfeehâlderij. Dêr is allinnich noch gjin regeling foar by de molkfabriken. Dêrneist binne der ek hieltyd mear boeren dy’t sykje nei in alternatyf foar de byprodukten dy’t se oan de kij jouwe. Yn stee fan mais en soaja wolle se mear út gers helje.”

Mar gers is dochs gewoan gers?
“Gers is net gewoan gers. Wat we hjoed-de-dei sjogge is foaral Ingelsk raaigers. Mar troch dat te mingen mei wat oars, bygelyks klaver, krigest in hiel oare struktuer yn it gers. We prate ek mei in gerssiedhanneler en dy fertelt ús oer de proeffjilden dy’t se hawwe mei ferskate gersrassen. Se fertelle dat it wol 15 jier duorret oant der in nije gearstalling fan gerssied produsearre wurde kin. Dat is ek belangryk foar it hiele proses, want in omslach yn it lânskip ha je dus net samar. Dat jildt ek foar de boeren, dy kinne net samar op in oare manier buorkjen gean. En boppedat sizze de molkfabriken dat se op it stuit wol genôch biologyske molke binnen krije. Koartsein, in omslach hat tiid nedich.”

En hoe sit it mei dy lânskipspine?
“Ja, de boargers sizze fansels dat de boeren alles stikken meitsje. De boeren fine dat de boargers der neat fan begripe. En beiden ha se wol wat gelyk. Troch gers as ynstek te brûken foar dizze dokumintêre besykje ik minsken achtergrûnkennis te jaan, sadat se net mear samar wat roppe yn de diskusje oer it lânskip.”

Fryslân DOK sil yn in trijelûk, opdield yn trije seizoenen, op syk nei alle geheimen fan it gers. Mei wittenskippers, boeren en boargers wurdt der sjoen nei de skiednis fan gers, de skaaimerken en tapassingen derfan, no en letter. En wat makket gers sa wichtich en suksesfol gewaaks foar de melkfeehâlderij. Is gers de kweadogger fan de lânskippen of miskien just de plantesoarte dy’t natuer en lânbou wer ferbine kin? De Fryslân DOK dokumintêre ‘Blau de himel, grien it gers’, diel 1, 2 en 3, binne op snein 24 septimber, 1 oktober en 8 oktober om 17.00 oere en dêrnei fan 18.00 oere ôf alle oeren by Omrop Fryslân op telefyzje te sjen. De dokumintêres binne ek te sjen op NPO 2 op de sneons om 15.30 oere en de sneins op 13.00 oere. 

Trefwurden: 
gers Fryslân DOK Bart Kingma
(advertinsje)