Man swierferwûne op dyk efterlitten nei oanriding De Lemmer

Op de Plattedijk by De Lemmer is freedtenacht in swierferwûne man (26) úit Dútslân oantroffen, dy't nei alle gedachten oanriden is troch in auto. Dy oanriding soe tusken alve oere jûns en twa oere nachts plakfûn hawwe. De automobilist is nei it ûngelok trochriden. It slachtoffer waard yn minne tastân en mei meardere brutsen bonken op de dyk fûn. Hy leit op it stuit op de intensive care.
De plysje is op syk nei de automobilist dy't nei it ûngelok yn de rjochting fan Balk trochriden is. De auto hat nei alle gedachten in stikkene foarrút. Minsken dy't wat sjoen hawwe of mear witte, wurdt frege harren te melden by de plysje.