Nei 500 jier fersoening: fredesfloat Kimswert nei Medemblik

23 sep 2017 - 10:30

It is gaos yn de Hollânske stêd Medemblik yn de simmer fan it jier 1517. Boargers flechtsje yn sân hasten nei it kastiel fan de hear, Joost van Buren. Manlju, froulju en bern besykje dêr in feilich plak te finen. Te skûljen foar dat wat kommen giet. Dat gefaar is in leger ûnder oanfiering fan Kimswerter Pier Gerlofs Donia, tsjintwurdich better bekend as de Fryske frijheidsstrider Grutte Pier.

De soldaten binne dwaande mei in plondertocht troch it Hollânske gewest. Inkelde dagen letter is fan Medemblik net folle mear oer. Hoewol’t it de Fryske strider net slagge is it kastiel binnen te kommen, binne frijwol alle huzen yn brân stutsen. Minsken dy’t harsels net op ‘e tiid yn feilichheid bringe koenen, moatte it mei de dea bekeapje. It duorret noch jierren foardat de stêd wersteld is fan de streuptocht fan Grutte Pier.

Fiifhûndert jier letter

Sneon binne wy goed fiif iuwen fierder. Wer fart der in skip oer De Iselmar yn de rjochting fan Medemblik. Net mei in gefjocht yn it foarútsjoch, mar just frede. It Fryske doarp Kimswert biedt sneon nammentlik offisjeel ekskús oan foar de grutte ferwoastingen fan it leger fan Pier Gerlofs Donia. Mei in fredesfloat rikt it doarp de hân oan de bewenners fan Medemblik. Doel is in offisjele freonskipsbân te smidzjen tusken de twa histoaryske plakken.

Feest yn Medemblik

De fredesfloat wurdt sneon feestlik ûnthelle yn de haven fan Medemblik. Dêrnei folget in optocht by histoaryske plakken yn de stêd del. Sneontejûn wurdt de fersoening fan de twa stêden ôfsletten mei in kroegetocht troch it sintrum fan Medemblik. It evenemint wurdt organisearre troch teäterselskip PeerGroup, it Fryske doarp Kimswert en de stêd Medemblik.

Ien fan de belutsenen dy't mei fart nei Medemblik is Dirk Bruinsma.''It wurdt in fredesarmada nei Medemblik'', sa fertelt er. ''Wy bringe op symboalyske wize in amer wetter út in put yn Kimswert nei Medemblik. Pier hat fiifhûndert jier lyn de hiele stêd platbrâne. Op dizze wize wolle wy ús wer fersoenje mei de stêd.''

(advertinsje)
(advertinsje)