Webside Slachtemarathon kin fraach nei kaarten net oan

23 sep 2017 - 09:26

Der is safolle belangstelling foar kaarten fan de Slachtemarathon, dat de webside fan de organisaasje de fraach net oan kin. De online foarferkeap foar it evenemint soe sneon úteinsette, mar dat wurdt him net mear. Snein kinne freonen fan de Slachtemarathon it opnij besykje.

De Slachtemarathon fan 2018 duorret twa dagen, en is yn totaal 91 kilometer. It giet om in ekstra edysje yn it ramt fan Ljouwert-Fryslân 2018.

(advertinsje)