Kollum: ''Homeopaten en regulieren''

23 sep 2017 - 08:30

''De koepel fan Europeeske wittenskipsakademy’s EASAC is in klup dy’t de Europeeske uny fan advizen fersjocht. De parlemintsleden kinne net oeral doel oer ha en wurde troch dit soarte swiergewicht ynstânsjes ynflústere wat neffens harren de bêste koers is om yn te slaan. Dizze wike kaam yn it nijs dat de gelearden fan de EASAC fine dat de homeopatyske produkten net langer gedoogd wurde moatte soenen. Dizze middels ha in tanimmende populariteit en dat soe net moatte, omdat se allinnich op feiligens testen wurde en net op it feit of se wol as net wurkje.

Ek soenen se net mear fergoede wurde moatte, as net wittenskiplik fêststiet dat se feilich binne en dat se dogge wat fan harren ferwachte wurdt. Dat se wurkje dus. 700.000 minsken yn Nederlân brûke sa no en dan in homeopatysk middel. In salfke tsjin jokte, drankje foar de seare kiel en in pil om it libido te fergrutsjen. Je kinne it sa gek net betinke of der is in homeopatysk middel foar. Mar de wurking dêrfan is lang net yn alle gefallen oantoand.

No is myn fraach: Hoe slim is dat? Ik ha sels ek wolris by in homeopatysk dokter in test op allergyen dwaan litten. Ik hie hjir of dêr wat plakjes op it fel en by dokter krige ik in salfke dat net holp. Dus dan sykje jo fierder. It salfke fan de homeopaat holp wol. Hy bliid en ik bliid.

Mar de wittenskip, en ik fermoedzje dat dy stipe wurde troch de yn Europeesk parlemintaryske fermiddens operearjende farmaseutyske lobbyisten, fynt dat mar neat. Dy skaaie de hiele homeopaty leafst ûnder it kopke kwaksalvers. Neffens my moat in minske sels de kar meitsje meie om foar de reguliere of foar de homeopatyske wize te kiezen. Dat dêr grinzen oan steld wurde is wol goed, in bakje krûdetee lost by in terminale kankerpasjint like min noch wat op as de djoerste medisinen. Mar as jo slim jokte ha troch nevestekken en dêr hat de homeopatyske winkel wat foar dat dêr tsjin helpt? Prima.

De reguliere wite maffia mient dat sy allinnich de wiisheid yn pacht ha. En dat is net wier. Der binne ek foarbylden fan oare wizen fan behanneljen dy’t wurkje. Ik ha sels aardich swier wurk, as ik net kollums skriuw. Myn rêch krijt sa no en dan in bêste opdonder. Sa wie ik in oantal jierren lyn bang dat ik myn wurk net hiel lang mear dwaan koe. Op in dei sei myn rêch krak, en ik koe eins neat mear. Ik hie wolris nei in terapeut west, mar dy aaide my wat op de rêch om en dat joech neat. Myn frou kin dat ek wol en folle better. Mar doe’t ik my eins allinnich noch mar krûpendewei ferpleatse koe, wiisde myn buorman my op in ortho manueel dokter. Hy wie sels ek pasjint by dizze praktyk en swearde der wakker by.

Om in koart ferhaal noch koarter te meitsjen, ik neam him no myn wûnderdokter. Hy sjocht net nei seare spieren, mar set myn rêch wer rjocht. En dan pas kinne de spieren harren werstelle. In hiele oare wize fan benaderjen kin dus hiel goed wurkje. En as gimber fan de homeopaat no helpt tsjin it prikkelbare term syndroom? Al soe it mar om it plasebo-effekt gean, dan noch soe ik it besykje. Want dêr hat de reguliere alles wittende wittenskip ek noch gjin antwurd op fûn.

As je goed pine yn it liif ha en dokter seit dat je dan mar in paracetamol opkôgje moatte, is dat dan de wittenskiplike oplossing? Jou my dan mar gimber. Lit de homeopaten en de regulieren gewoan njonken elkoar bestean. Miskien kinne se elkoar helpe om mislike kwalen te genêzen yn stee fan elkoar de tinte út te fjochtsjen. Gjin bewiis fan dat it wurket wol net sizze dat it net wurket.''

(Advertinsje)
(Advertinsje)