Koade giel: warskôging foar tichte mist yn 'e provinsje

Mist (argyffoto) © Anton Kappers
It KNMI warskôget foar tichte mist of mistbanken yn hast it hiele lân. Foaral op de dyk kin dat gefaar opsmite. Dêrom hat it waarynstitút koade giel ôfjûn. Allinne op de Waadeilannen jildt dy warskôging net. It sicht is op plakken minder as twahûndert meter, en it soe op plakken oant it begjin fan de middei duorje kinne foardat de mist wer fuort is.
It KNMI advisearret bestjoerders om de snelheid oan te passen, en de waarberjochten yn de gaten te hâlden.