Winst foar sealfuotbalsters Drachtster Boys en Avanti

22 sep 2017 - 23:21

De froulju fan Drachtster Boys ha freedtejûn tsjin Reiger Boys ek harren twadde wedstriid fan it seizoen wûn. Yn de eigen hal yn Drachten waard it 5-2 foar de koprinner yn de earedifyzje. Reiger Boys kaam earst op foarsprong, mar doe makke Jessie Prijs it 1-1. Dêrnei kaam Reiger Boys wer op foarsprong, mar doe makke Marian Meijer it mei twa doelpunten 3-2 foar it skoft. Nei de rêst kamen dêr noch twa doelpunten fan Esther van Toledo by, en koene de Drachster froulju de wedstriid mei in moaie einstân einigje.

Ek dy oare Fryske earedifyzjeploech wûn freedtejûn: Avanti wie mei 5-3 te sterk foar Team Alkmaar/Sportstars.

(advertinsje)