Trainer Dijkhuizen kin libje mei lykspul tsjin MVV

22 sep 2017 - 23:08

"Achteraf hadden we hier kunnen winnen", sei trainer Marinus Dijkhuizen fan SC Cambuur nei ôfrin fan it 1-1 lykspul fan syn ploech tsjin MVV Maastricht. "We hebben goed gespeeld, met name de tweede helft. Daarin waren we heer en meester. We kwamen goed terug met de 1-1 en de kans op 2-1. We hadden hier zomaar kunnen winnen."

Drokke wike

Dochs kin Dijkhuizen libje mei it lykspul, sjoen de drokke wike dy't Cambuur efter de rêch hat. Yn in wike tiid waard út wûn by Go Ahead Eagles (3-1) en by Helmond Sport (5-1) en freed dus lykspile op besite by MVV. "Een punt is niet verkeerd hier. Overall was het een mooie week. Dit biedt perspectief. Nu gaan we de komende maanden richting de kopposities voetballen."

Barto

Ek de man dy't de lykmakker skoarde, ynfaller Martijn Barto, is tefreden mei it spul fan syn teamgenoaten, al hie der neffens him mear ynsitten as allinnich in lykspul: "We hadden zeker een veldoverwicht. Ik vond ons in de tweede helft beter. Ik had gehoopt dat we hier winnend af zouden sluiten. Maar dat is helaas niet gebeurd. Dan moet je tevreden zijn met 1-1. Al met al was het een goede week. De groep heeft het goed gedaan", beslút Barto.

(advertinsje)
(advertinsje)