Friezinne net benaud yn Noard-Koreä

22 sep 2017 - 23:07

It wie in yndrukwekkende reis, nei in moai lân mei aardige minsken. Dat seit Rieneke Feenstra fan Grou oer har groepsreis fan 16 dagen troch Noard-Koreä. Mei in Nederlânsk-Belgyske groep reizge se sechtjin dagen troch it isolearre lân fan lieder Kim Jong-Un, dat de lêste wiken hieltiid yn it nijs is fanwege raketproeven en spul mei presidint Trump fan de Feriene Steaten. Guon freonen en famylje fan Feenstra fûnen it in antstich idee, mar de raketproeven fan Kim Jong Un wiene foar har gjin reden om net nei Noard-Koreä te gean. "Ik haw my nea angstich field yn Noard-Koreä."

Troch de reis nei it kommunistyske Noard-Koreä is har byld fan it lân folle positiver wurden. "De natoer is prachtich en ik haw ek minsken sjoen dy't wille ha op de nasjonale feestdei. Noard-Koreänen binne gek op dûnsjen. Op in grut plein yn Pyongyang waard drok dûnse en wy mochten ek meidwaan. Doe krigen we ek wat kontakt mei de gewoane minsken." Rieneke Feenstra is dokter en kaam yn Noard-Koreä ek noch even yn aksje doe't in famke op in dûnsfeest net goed waard. "Der kaam earst gjin help. Doe haw ik mar holpen yn oerlis mei myn gids. We hawwe dat famke út de drokte helle en doe kaam se gelokkich al frij gau wer by. Je sjogge net altyd oan de minsken wat se der fan fine, mar ik leau dat se dit wol goed fûnen. Dêr binne je ek dokter foar."

Wat frou Feenstra wol bot opfoel wie de steatskontrôle. De groepsreis waard begelaat troch twa Noard-Koreäanske gidsen dy't eltsenien yn de gaten hâldden. Ien gids siet foar yn de bus en ien achteryn. By kuiers út de bus rûn ien gids foaroan en ien achteroan. Op eigen manneboet jûns in kuierke meitsje siet der net yn. "We hiene ek in hurddraver yn de groep. Dy hat jûns mar wat rûntsjes draafd foar it hotel. Fierder fuort mocht net." Earmoed op it plattelân mocht net op de foto. Bylden fan Kim il Sung en Kim Jong Il mochten allinnich rjocht fan foaren fotografearre wurde en net fan de sydkant. As der dochs foto's makke waarden op ferkearde plakken moasten dy fuortendaliks wer ferwidere wurde.

Net alle freonen en famyljeleden fan Rieneke Feenstra hiene der begrip foar dat se ôfreizge nei Noard-Koreä. "Guon minsken seine, famke wat moatst dêr. Sy wiene bliid dat ik der wer wie. Mar oare minsken begripe it wol en wolle fan alles wite fan it lân. Ik fyn it in hiel moai lân en wol der noch wol in kear hinne."

(Advertinsje)
(Advertinsje)