Friezen ûnderfine minder buertoerlêst as rest fan Nederlân

In brûkt ruft yn in beam yn De Wiken © Facebook Politie Oost-Fryslân
Friezen ûnderfine minder buertoerlêst as de rest fan Nederlân. Dat docht bliken út de jierlikse feilichheidsmonitor fan it CBS. Yn 2012 ûnderfûnen Friezen ek al minder buertoerlêst as it lanlik gemiddelde.
Lanlik sjoen ûnderfine minsken hieltyd minder buertoerlêst: 43 prosint fan de Nederlanners hat folle lêst fan buertoerlêst. Yn Fryslân leit dat persintaazje op 37 prosint: dat is net echt feroare yn fergelyk mei 2012.
Ferkearsoerlêst
De trije haadgroepen fan buertoerlêst dy't út it ûndersyk komme, binne fysike fertutearzing, ferkearsoerlêst en sosjale oerlêst. Dy earste twa foarmen wurde it faakst sinjalearre. Yn 2012 joech 32,3 prosint fan de Nederlanners noch oan folle ferkearsoerlêst te ûnderfinen, wylst dat yn 2016 30,6 prosint is. Yn Fryslân leit dat persintaazje op 26,4: dat is hast net ôfnaam yn fergelyk mei 2012.
Fertutearzing
De oerlêst troch fysike fertutearzing is sawol yn Fryslân as yn de rest fan Nederlân ôfnaam: yn Fryslân gie it persintaazje minsken dat folle lêst hie fan fysike fertutearzing fan 21,4 prosint nei 18,1 prosint en lanlik fan 24,5 prosint nei 21,5 prosint.
Sosjale oerlêst
De ûnderfûnen sosjale oerlêst is yn Fryslân mei ûngefear 8,8 prosint gelyk bleaun: lanlik gie dat persintaazje fan 12,9 prosint yn 2012 nei 11,8 prosint yn 2016. In ûnderdiel fan de sosjale oerlêst, oerlêst troch buertgenoaten, is wol tanaam.